Alde Testamint
Alde Testamint | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Tenach | |
auteur | ferskaat (anonym) | |
taal | Hebriuwsk, Arameesk | |
foarm | non-fiksje, proaza, poëzij | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 10e – 2e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Alde Testamint | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It Alde Testamint (Latyn: Vetus Testamentum) is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't it earste part fan 'e Bibel foarmje, it hillige boek fan it kristendom en it joadendom. Hoewol't it rûchwei oerienkomt mei de Tenach, de joadske bibel, wurdt de namme "Alde Testamint" inkeld yn 'e kristlike kontekst brûkt, om it te ûnderskieden fan it lettere Nije Testamint. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Hebriuwsk, útsein guon passaazjes yn 'e boeken Ezra, Jeremia en Daniël, dy't yn it Arameesk wiene. De earste Fryske oersetting fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1943.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Alde Testament hat boeken mei in grut ferskaat oan ynhâld. Der binne guons dy't histoaryske boeken neamd wurde, om't se de oerlevere ferhalen fan it Joadske folk omfiemje. Fierders binne der boeken mei útspraken fan profeten, wetboeken en boeken mei lieten en spreuken.
De boeken fan it Alde Testamint ferhelje efterinoar fan it oanbegjin en de skepping fan 'e wrâld en de minske troch God, de sûndfloed, de aartsfaars, de Ballingskip yn Egypte, de weromkear fan 'e âlde Hebreeërs nei it Unthjitten Lân, de skiednis fan it keninkryk Israel en letter fan it keninkryk Juda ûnder de rjochters en dêrnei de keningen, de ferrinnewearring fan dy beide keninkriken troch de Babyloaniërs en de Alde Assyriërs, de Babyloanyske Ballingskip en de weromkear fan 'e joaden út Babyloanje, en einigje mei de profesijen fan in hiele rige profeten.
De Kanon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gearstalling fan 'e kanon fan it Alde Testamint, de samling fan erkende boeken dus, is binnen de kristlike tsjerken in hjit hingizer. De protestantske denominaasjes erkenne inkeld de 24 boeken fan 'e joadske Tenach, sij it yn in folslein oare yndieling, sadat it yn harren Alde Testamint 39 boeken wurden binne. De Roomsk-Katolike Tsjerke erkent al dy 39 en noch 7 oaren deropta, sadat it totaal op 46 komt. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke hat noch 3 oaren, mar foeget ek wer 2 boeken gear, en komt yn totaal dus op 48, en de Russysk-Otterdokse Tsjerke hat de 46 roomske en de 4 Gryksk-otterdokse boeken plus noch 1 ekstra: 51 dus. De Georgysk-Otterdokse Tsjerke hat noch wer ien ekstra, wat it totaal op 52 bringt. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke komt mei in folslein oare yndieling út op 46 boeken, wêrby't ûnderskate fan 'e protestantske bibelboeken geartroppe binne, wylst der oare, yn it Westen folslein ûnbekende teksten tafoege binne. Boeken dy't net ta de kanon (fan in beskate tsjerke) hearre, wurde (yn dat fermidden) de apokrife of deuterokanonike boeken neamd. Yn guon protestantske streamings wurde sokke apokrife boeken oan 'e ein fan it Alde Testamint opnommen as in nuttige mar net offisjeel erkende taheakke, mar yn oare, strangere, denominaasjes wurdt dat wer beslist net dien.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boeken fan it Alde Testamint, wat harren gearstalling ek krekt wêze mei, wurde tradisjoneel opdield yn in stikmannich groepkes, te witten: Wet, Skiednis, Poëzij en Wiisheid, Grutte Profeten en Lytse Profeten. Dizze yndieling is lykwols ûnoffisjeel en yn gjin inkele bibel as sadanich werom te finen.
De ûnderskate bibelboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Alde Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978.
- De Kanonike Boeken
- Wet
- Skiednis
- Poëzij en Wiisheid
- Grutte Profeten
- Lytse Profeten
- De Deuterokanonike of Apokrife Boeken
- Judit
- de Wysheid fan Salomo
- Tobit
- Jezus Sirach
- Baruch
- it Brief fan Jeremia (Barûch 6)
- 1 Makkabeeërs
- 2 Makkabeeërs
- Ester (Gryksk)
- de Taheakken op it Boek Daniël
- Azarja
- Suzanne (Daniël 13)
- Bel en de Draak (Daniël 14)
Yn 'e kanon fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke folgje de boeken Tobit en Judit fuort nei Nehemia, wylst Ester (Gryksk) oan Ester tafoege is. Nei Ester komme 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs en nei it Heechliet folgje de Wysheid fan Salomo en Jezus Sirach. Barûch (it Brief fan Jeremia ynbegrepen) stiet tusken Kleilieten en Ezechiël yn; Azarja (of It Liet fan Azarja) foarmet in passaazje fan it boek Daniël (nei Daniël 3:23); en Suzanne en Bel en de Draak binne oan Daniël tafoege as de beide lêste haadstikken.
Ferliking fan ûnderskate yndielings fan it Alde Testamint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynterpretaasje fan it Alde Testamint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kristenen neame it earste part fan de Bibel it Alde Testamint om't it neffens harren ferwizings befettet dy't nei de komst fan harren ferlosser Jezus Kristus ferwize soene en om't it oan it Nije Testamint foarôfgiet. Yn it Nije Testamint wurde dêrom foar it Alde Testamint ek de nammen "Earste Ferbûn" of "Earste Testamint" brûkt, mar dy nammen slane mear op it ferbûn dat yn it Alde Testamint beskreaun wurdt as op 'e Aldtestamintyske boeken sels.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersettings út it Alde Testamint betroffen fragmintaryske passaazjes yn Aldfryske rjochtsteksten út 'e Midsiuwen, de âldste út 'e trettjinde iuw en benammentlik fan Exodus 20:1-17 (de Tsien Geboaden). Dêrnei waard yn 'e njoggentjinde iuw úteinsetten mei fragmintaryske oersettings út 'e rest fan it Alde Testamint, wylst om 1900 hinne ferskate âldtestamintyske bibelboeken yn har gehiel ferfryske waarden (Joël, Ruth, Jona). It hiele Frysktalige Alde Testamint kaam út yn 1943, wat de bibeloersetting fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma folslein makke (it Nije Testamint wie yn 1933 al útkommen). Fan 1966 ôf waard der wurke oan in totaal nije bibeloersetting, dy't yn 1978 ferskynde as de Nije Fryske Bibeloersetting. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further reading, op dizze side.
|